Noardwestgermaanske talen

Noardwestgermaanske talen
algemien
oare namme(n) Ingveoanske talen,
Anglo-Fryske talen,
Ingelsk-Fryske talen,
Noardseegermaanske talen
lokaasje fan oarsprong yn
Noardwest-Jeropa
tal talen ±5
tal sprekkers ±325 miljoen (2004)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
subgroepen Angelsaksysk
Frysk

De Noardwestgermaanske talen foarmje in lytse taalgroep dy't heart ta de Westgermaanske talen. Dizze taalkloft stiet ek wol bekend as de Ingveoanske talen, de Anglo-Fryske talen, de Ingelsk-Fryske talen of de Noardseegermaanske talen. De Noardwestgermaanske talen wurde wrâldwiid troch likernôch 325 miljoen minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de wichtichste taal út dizze groep is it Ingelsk. Fierders meitsje ek it Skotsk, Frysk, Noardfrysk en Sealterfrysk der diel fan út, krektlyk as it útstoarne Yola en Fingaalsk. Guon taalkundigen rekkenje fierders it Anglo-Romany, in taal fan wenweinbewenners yn Ingelân, der ek ta.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search